Carola Schouten

Cornelia Johanna Schouten
Algemien
Berne 6 oktober 1977
Berteplak De Bosk
Partij KristenUny
Religy Frijmakke grifformeard
Titels Drs.
Politike funksjes
2011-2017, 2021-2022 Lid Twadde Keamer
2017-hjoed Fise-premier
2017-2022 Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit
2022-hjoed Minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen

Cornelia Johanna (Carola) Schouten (De Bosk, 6 oktober 1977) is in Nederlânske politika fan de KristenUny (ChristenUnie). Fan oktober 2017 oant jannewaris 2022 wie se tredde fise-premier en minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte III. Dêrfoar, fan maaie 2011 oant oktober 2017 mar ek van maart 2021 oant jannewaris 2022 wie se lid fan de Twadde Keamer. Sûnt jannewaris 2022 is se tredde fise-premier en minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen yn it kabinet-Rutte IV.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search